Utjouwerij Hispel

Utjouwerij Hispel Kwaliteitsliteratuer en nijsgjirrige essays

Twa nije boeken fan Utjouwerij Hispel:'Tsjintwurdich is alles better' fan Gabriëlle Terpstra'De Toer' fan Cornelis van d...
22/09/2024

Twa nije boeken fan Utjouwerij Hispel:

'Tsjintwurdich is alles better' fan Gabriëlle Terpstra
'De Toer' fan Cornelis van der Wal

https://hispel.nl/

20/07/2024

Louw Dijkstra yn de Ljouwerter Krante:

,,Der binne no noch mar ien of twa útjouwers foar Fryske literatuer oer, DeRyp en de Afûk. Utjouwerij Louise, en iksels ek, we dogge mar in part yn it Frysk. By Noordboek is dat ek sa.’’

De bêste man hat blykber noch nea fan Hispel heard...

Carla van der Zwaag: Mika-eagenMika-eagen is de debútbondel fan Carla van der Zwaag (1951). Tegearre mei har twalingsus ...
07/11/2022

Carla van der Zwaag: Mika-eagen

Mika-eagen is de debútbondel fan Carla van der Zwaag (1951). Tegearre mei har twalingsus ûntduts se op trettjinjierrige leeftyd yn ’e boekhannel in dichtbondel fan Hanny Michaelis. Rillegau makke se har eigen gedichten. Nei har trouwen, trije bern en 25 jier foar de klasse wie der wer tiid foar dichtsjen en tekenjen.

Yn Mika-eagen komt in breed ferskaat oan tema’s en ûnderwerpen foarby. De gedichten binne ûnderbrocht yn de ôfdielingen Jeugd, De wrâld, Mei fakânsje en Ik. Carla van der Zwaag ûndergiet har libben en de wrâld mei blidens en swiersettigens. De bondel tsjûget fan ljocht en tsjuster.

https://hispel.nl/carlavanderzwaagmikaeagen.html

Nij by Hispel: Louis Paul Boon: Myn lytse oarloch. Oersetting Jacobus Q. Smink.Myn lytse oarloch is in ‘oarlochskronyk’,...
14/02/2022

Nij by Hispel: Louis Paul Boon: Myn lytse oarloch. Oersetting Jacobus Q. Smink.

Myn lytse oarloch is in ‘oarlochskronyk’, dy’t Louis Paul Boon (1912-1979) skreau yn en fuort nei de Twadde Wrâldoarloch. De tekst ferskynde earst yn ôfleveringen yn it wykblêd Zondagspost. Boon beskriuwt de oarloch fan de lytse man mei as ûnderwerpen kollaboraasje en ferset. Yn 1947 waarden de fragmintaryske kroniken yn hjir en dêr bewurke foarm as boek útbrocht. Myn lytse oarloch is it begjinpunt fan Boon syn literêre fernijing dy’t late ta syn grutte roman en masterwurk De Kapellekensbaan (1953).

http://www.hispel.nl/louispaulboonmynlytseoarloch.html

Adres

Terp 31
Wieuwerd
8637VH

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Utjouwerij Hispel nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Delen