Froeks TeeVee

Froeks TeeVee Froeks.TV FROEKS Siket nij presintaasjetalint! Froeks.tv is de Fryske online jongerestjoerder. Bisto:

Tusken de 17 en 22 jier? Stiest graach foar de kamera?

Alle dagen meitsje we aftermovies, searjes, portretten, sketches en folgje we de aktualiteit op in eigensinnige manier. Fia Facebook, Twitter en Youtube berikke we in hieltyd grutter wurdende achterban en dêr binne we grutsk op! We hawwe in team fan hardcore redakteuren, flymskerpe kameramanlju en fingerflugge editors, mar.... We wolle noch mear fjoerwurk oan board helje mei entûsjast presintaasje

talint! In pear kear yn de wike beskikber foar in fette presintaasjeklus? Dreamst fan presintearjen? Praatst Frysk? Dan sykje we dy! Stjoer dyn motivaasje en CV nei [email protected] en wa wit noegje we dy út foar in petear en stiesto meikoarten by ús foar de kamera te shinen! Ast ècht yndruk meitsje wolst, stjoerst ek alfêst in fideo fan dysels ;)

Froeks.TV is dé online jongerenzender voor en door jongeren in Friesland en Friese jongeren wereldwijd.

Adres

Leeuwarden

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Froeks TeeVee nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact

Stuur een bericht naar Froeks TeeVee:

Snelkoppelingen

Delen